Foar ús frysktalige gasten

Sûnt koart meie wy, Tom en Sietske Plantinga, ússels de gelokkige eigeners neame fan Les Magnolias.

Nei in wiidweidiche oriïntaasje en syktocht fan twa jier troch hiel Frankryk fûnen wy “us plakje” yn de Dordogne. Yn septimber 2015 binne wy hjir definityf delstrutsen.

It prachtiche lisplak oan de râne fan Lalinde mei alle foarsjenningen tichtby, it oerweldigjende útsicht oer de rivier mei it altyd feroarjende wetter, de oanwêzigens fan de grutte parktun, de greide foar ús bisten en it 400 meter lange rivierbêd makken dat wy foar dizze unike lokaasje fallen binne. Wy wolle ús gasten in oangenaam ferbliuw biede op Les Magnolias. Net allinne as in sintraal gelegen utfalbasis om de streek te ferkennen, mar ek om hearlik te ûntspannen en hielendal tot rêst te kommen.

De oarspronklike wenromte op de twadde ferdjipping fan ús Maison de Maître is krekt ferboud en renovearre oant in fjouwertal mei smaak ynrjochte gastenferbliuwen. Op de souderetaazje wurdt it ynterieur yngeand oanpakt en wurdt in wenkeamer anneks ytkeamer ynrjochte sadat der in plak ûntstiet wêr gasten harrensels hielendal thús fiele kinne. Hjir kinne jo yn alle rêst en privacy genietsje fan in wolfertsjinne fakânsje.

De woartels fan Les Magnolias lizze yn Nederlân.

Sietske….

… berne yn Nederlân, hikke en tein yn Fryslan. Les Magnolias is in logyske stap foar har neidat sy jierren yn de toeristyske sektor wurksum west hat, as freelancer Ingelske lessen joun hat oan folwoeksenen  en dêrnei noch tegearre mei Tom in eigen bedriuw runt hat. En ek net te ferjitten tuskentroch noch 3 bern (Sanne, Jan Hedzer en Ilse) opfoeden hat. Koartsein in (gast)vrouw ta de fuotten út mei jierrenlange ûnderfining yn it ûntfange, begelieden en oanstjoeren fan minsken.

Sietske sprekt Nederlânsk, Frânsk, Ingelsk, Frysk en in lyts mûltsje Spaansk.

Tom….

… hikke en tein yn Fryslân. Hy koe de toeristyske sektor allinnich fan de oare kant: as gast. Wit dêrom krekt hoe it net moat, of krekt wol! Hy is in bysûnder entûsjast en in dreaun persoan dy graach om de safolle tiid in nije útdaging oangiet. Syn eftergrûn leit yn de ferkeap en merkanalyze. Hy hat echte ynteresse yn minsken en it liket him no skitterjend ta om gasten fan oer de hiele wrâld te ûntfangen en ferhalen en ûnderfinings út te wikseljen. Dêrnjonken wol hy as amateurkok graach de gasten bedjerre mei regionale wyn en gerjochten. Hy hat syn hiele folwoeksen libben yn Fryslân wenne, en is dus eins in Fryske Nederlanner!

Tom sprekt Nederlânsk, Dútsk, Frysk en Ingelsk, en is drok dwaande om syn Frânsk as ”langue parlée” op in ”niveau acceptable” te krijen.

Tegearre….

… untfange wy graach ús gasten yn in frije, persoanlike en gesellige sfear. Graach ûntwikkelje wy arranzjeminten op maat mei en foar ús gasten. En genietsje wy mei us gasten fan ús dream fan in nij libben yn Frankryk!
Fierder binne wy libbens- genieters en “minsken minsken”. It kontakt mei us gasten is foar us hiel wichtich, dat makket foar us it  wurkjen yn de chambres d’hôtes en gites business sa aardich.

De grutte útdaging foar ús is om Les Magnolias sa fierder te ûntwikkelen, dat der in bloeiend bedriuw ta stan komt mei each foar de minsk en it behald fan de lytskaligheid.

Wy stellen alles yn it wurk om jo in treflik, untspand en oangenaam ferbliuw te besoargjen. Mocht der dochs eat weze, dan soene wy  it op priis stelle dat jo dat fuortendaliks oan us witte litte, sadat wy it mankemint oplosse kinne.

Ek is it us bedoeling om algeduerich  de kwaliteit fan ús tsjinstferliening en fan us itensiden te ferheegjen. Dêrom ûntfange wy graach jo opmerkingen, ideeën, suggestjes. Wy sille der safolle mooglik rekkening mei hâlde.
Kom ris priuwen fan de sfear en let jo ferrasse troch wat Les Magnolias allegearre te bieden hat.
Jo binne it hiele jier troch fan herte wolkom!